
Wolkom op ‘e COMBI projekt-webside
Wy wolle migranten dy’t wurkje wolle yn de soarch stypje troch se minderheidstalen te learen!
Kommunikaasje-kompetinsjes foar migranten en beheinde eftergrûn-learders yn twatalige wurkomjouwings.
Finansiere troch
EACEA, Eramus+ KA2 Strategic Partnerships for adult education
Project duration
01/09/2016 – 31/08/2018


It projekt
It COMBI-projekt ‘Kommunikative feardichheden foar migranten en taallearders mei in legere maatskiplike eftergrûn yn in twatalige wurksituaasje’ hat as doel om in fernijende oanpak, en de dêrby oanslutende metoaden, te ûntwikkeljen dy’t op in systematyske wize alle aspekten oan bod komme lit fan it oanlearen fan de kommunikative feardichheden yn de talen dy’t yn it wurkfermidden brûkt wurde kinne moatte. Yn gâns Europeeske regio’s fungearret neist de nasjonale taal ek in minderheidstaal. Dy meartalige werklikheid is by dit projekt it útgongspunt.

Doelen
It doel fan dizze metoade is net it folslein kompetint wurden yn twa of mear talen, mar om der wis fan te wêzen, dat de regionale taal omtinken kriget ynsafier’t dy oan de betingsten op it wurkplak foldocht, mei tank oan ynnovative lesmetoaden.

Aktiviteiten
- Analyze fan it ferlet op it mêd fan ûnderwiis fan de doelgroep
- It ûntwikkeljen fan treningsmodulen
- Pilot-trening
- Meardere eveneminten om de resultaten fan it projekt te fersprieden