It projekt

It COMBI-projekt ‘Kommunikative feardichheden foar migranten en taallearders mei in legere maatskiplike eftergrûn yn in twatalige wurksituaasje’ hat as doel om in fernijende oanpak, en de dêrby oanslutende metoaden, te ûntwikkeljen dy’t op in systematyske wize alle aspekten oan bod komme lit fan it oanlearen fan de kommunikative feardichheden yn de talen dy’t yn it wurkfermidden brûkt wurde kinne moatte. Yn gâns Europeeske regio’s fungearret neist de nasjonale taal ek in minderheidstaal. Dy meartalige werklikheid is by dit projekt it útgongspunt.

Doelen

It doel fan dizze metoade is net it folslein kompetint-wurden yn twa of mear talen, mar om der wis fan te wêzen, dat de regionale taal omtinken kriget ynsafier’t it oan de betingsten op it wurkplak foldocht, mei tank oan ynnovative lesmetoaden.

Aktiviteiten

  • Analyze fan it ferlet op it mêd fan ûnderwiis fan de doelgroep
  • It ûntwikkeljen fan treningsmodules
  • Pilot-trening
  • Meardere eveneminten om de resultaten fan it projekt te fersprieden

Doelgroepen

  • Leararen yn folwoeksene-edukaasje yn ‘e soarch en taalleararen fan regionale talen foar folwoeksenen;
  • Migrante-arbeiders yn ’e soarch;
  • Wittenskiplike, ûndersyks- en ûnderwiisorganisaasjes;
  • Politike organisaasjes; beliedsmakkers en administrative organen dy’t ferantwurdlik binne foar fraachstikken op it mêd fan meartaligens, migranten, wurkgelegenheid en soarch;
  • Bedriuwen, wurkjouwers – benammen private bedriuwen yn âldereinsoarch en thússoarch.

Finansiere troch

EACEA, Eramus+ KA2 Strategic Partnerships for adult education